De Jong net tsjin pornofilm

10 mrt 2010 - 14:26
  • Steven de Jong hat gjin probleem mei de persiflaazje op 'De Hel van '63"

Filmregisseur Steven de Jong hat gjin probleem mei de porno-persiflaazje, dy't makke wurdt fan syn film 'De Hel van '63'. De Frjentsjerter filmmakker Erik Zylstra wol in seksparody meitsje op De Jong syn film. De titel fan dy film wurdt 'De Del van '63'.

Earder hie Steven de Jong wol grutte muoite mei de parody dy't leden fan de Grinzer studinteferiening Bernlef makken op syn film De Schippers van de Kameleon.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)