De Jong net fierder mei Anema

14 mrt 2014 - 08:43

Reedrider Bob de Jong giet takom seizoen net fierder mei syn coach Jillert Anema. De Jong hat de ôfrûne fjouwer jier yn de BAM-ploech riden. Neffens De Jong kin er mei Jorrit Bergsma as konkurrint net mear better wurde.

In nije ploech hat De Jong noch net, mar der binne ferskate opsjes seit er. Hy wol him de kommende jierren mear rjochtsje op de maraton. Bergsma bliuwt wol by Anema, dy't fierder giet mei Clafis as haadsponsor.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)