De Jong net by achterfolging

18 feb 2014 - 10:46
  • Antoinette de Jong waard 7de op har Olympysk debút

Antoinette de Jong komt freed en sneon by de Olympyske Spelen net yn aksje op it ûnderdiel ploege-achterfolging. Bûnscoach Arie Koops makke tiisdei nei de training yn de Adler Arena bekend dat hy gjin berop docht op de hurdrydster út Rottum.

De Nederlânske seleksje bestiet no noch út Ireen Wüst, Jorien ter Mors, Lotte van Beek en Marrit Leenstra. Freed stiet de kwartfinale op it programma. De heale finale en de finale wurde sneon ferriden. Mei de nûmers ien oant en mei 4 fan de 1500 meter yn de ploech is Nederlân favoryt foar goud.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)