De Jong nei WK junioaren

12 feb 2014 - 11:47
  • Antoinette de Jong yn'e 3000 meter yn Sotsji

Reedrydster Antoinette de Jong fan Rottum is selektearre foar it wrâldkampioenskip foar junioaren. It reedrydbûn makke dat woansdei bekend. Ek Bente van den Berge fan It Hearrenfean sit yn de seleksje. Beide rydsters binne lid fan Jong Oranje. De Jong sit no yn Sotsji. Snein debutearre se op de Olympyske Spelen mei in sânde plak op de 3 kilometer. Bente van den Berge wûn it ôfrûne wykein it NK pure sprint oer 100, 300 en 500 meter. It WK foar junioaren is 7, 8 en 9 maart yn it Noarske Bjugn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)