De Jong moat fuort by H'fean

10 apr 2012 - 18:47

Sportklup Hearrenfean nimt ôfskie fan Maarten de Jong. Trochdat Hearrenfean ophâldt mei it frouljusfuotbal, komt syn funksje as teammanager te ferfallen. Earder wie De Jong sels al ophâlden mei it jaan fan kliniks foar de klup. Hy sil no oan de slach mei in fuotbalskoalle foar famkes en hy sil fierder yn it bedriuwslibben. De Jong hie graach fierder wollen yn in oare funksje by Hearrenfean, mar dat siet der net yn.

Mister Hearrenfean, in bynamme dy't hy as spiler krige, sit al sûnt 1982 by sportklup Hearrenfean.
As it frouljusteam fierder giet yn it stifting, dan wol De Jong miskien noch wol fierder mei de froulju.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)