De Jong: 'Marwei neat ferwite'

13 jan 2004 - 00:00

Direkteur De Jong fan De Marwei is it net iens mei de Arbeidsynspeksje. Dy is negatyf oer de direksje fan de Ljouwerter finzenis dy't mear dwaan moatten hie om de feilichheid te garandearjen. Neffens De Jong falt de finzenis neat te ferwiten. It wurkjen mei detinearden bringt gefaar mei.

De ynspeksje wol maatregels om soks tenei foar te kommen. Der binne al maatregels nommen. Justysje fynt fierdere maatregels net nedich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)