De Jong langer by Cambuur

18 okt 2012 - 14:51
  • Henk de Jong

Henk de Jong hat syn kontrakt by Cambuur mei twa jier ferlingd. De assistinttrainer út Drachten is no oant 1 july 2015 ferbûn oan de Ljouwerter profklup. De Jong wol neist syn wurk by Cambuur ek wer oan de slach by in amateurklup. Cambuur jout him dy mooglikheid.

Henk de Jong kaam ein 2010 yn tsjinst fan Cambuur. Hy wie op dat stuit trainer fan haadklasser Harkemase Boys. Dat kontrakt waard doe troch Cambuur ôfkocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)