De Jong heard troch KNMV

16 sep 2010 - 10:19
  • Jannick de Jong

Gersbaanracer Jannick de Jong is woansdeitejûn heard troch it motorsportbûn KNMV oer syn mooglik dopinggebrûk. By e Jong binne spoaren fan cannabis oantroffen yn de urine. Binnen twa wiken sil it KNMV útspraak dwaan yn dizze saak.

Neffens De Jong sels hat er net brûkt, mar hat er wol yn in romte west dêr't joints smookt waarden. De wearden fan de stof yn syn urine binne net heech. De Jong kin derôf komme mei in berisping, mar hy kin ek skorst wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)