De Jong en Woortman wis fan WK

22 sep 2012 - 17:51
  • Jannick de Jong

De motorkoereurs Jannick de Jong fan De Gordyk en Jeffrey Woortman út Warten hawwe har sneon pleatst foar de searje wedstriden fan it WK langbaan 2013. By de kwalifikaasje yn it Tsjechyske Marianske Lazne einigen de beide Friezen op de tredde en fjirde plak. De winst wie foar de Fin Aki Pekka Mustonen foar thúsrider Ales Dryml. Dirk Fabriek út Jobbegea einige op it tsiende plak. Dat betsjut dat Fabriek, krekt as dit seizoen, him net pleatst hat foar it WK 2013. Troch syn fjirde plak yn it WK fan dit jier is Theo Pijper wol wis fan dielname.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)