De Jong en V.d. Kieft op 10 km

30 des 2009 - 17:38
  • De ferrassing: Arjen van der Kieft (foto: KNSB)

Sven Kramer krijt op de Olympyske Spelen yn Vancouver op de 10 kilometer selskip fan Bob de Jong en Arjen van der Kieft. Kramer hoegde sels net yn aksje te kommen op it Olympysk Kwalifikaasjetoernoai, hy wie al wis fan syn plak.

Bob de Jong wûn yn Thialf de 10 km yn in persoanlik rekôr: 12.53,63. Arjen van der Kieft ried mei 13.02,99 ek in pr en sette sadwaande Carl Verheijen bûtenspul. Maratonreedrider Willem Hut waard sechsde yn 13.28,84, ek in pr.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)