De Jong easket 15 tûzen euro

02 feb 2010 - 20:51
  • Maarten Spanjer naam de rol fan Gerben Zonderland foar syn rekken

Filmmakker Klaas de Jong easket fyftjintûzen euro skeafergoeding fan akteur Maarten Spanjer. Spanjer hat de filmmakker yn ynterviews in oantal kear in oplichter neamd.

Beide manlju hawwe yn it ferline gearwurke by it meitsjen fan de twadde Kameleonfilm. De Jong wol neist de skeafergoeding ek dat Spanjer syn útspraken rektifisearret. It koart pleit waard tiisdeitemiddei behannele yn Amsterdam. De rjochter docht op 18 febrewaris útspraak yn de saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)