De Jong earder nei Cambuur

03 nov 2010 - 19:58
  • Henk de Jong

Trainer Henk de Jong fan Harkemase Boys begjint yn koarten by Cambuur. Beide fuotbalklups binne dat woansdeitejûn oerien kaam. De Jong bliuwt oant 1 jannewaris ek noch trainer by de Boys. Alfons Arts makket it seizoen ôf as haadtrainer fan Cambuur

Direkteur Alex Pama fan Cambuur wol neat sizze oer in ôfkeapsom. Neffens foarsitter Pieter Spinder fan de Boys gean de klups in gearwurking oan. Ek spylje se in freonskiplike wedstryd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)