De Jong docht it goed yn Atene

16 aug 2004 - 09:34

Mei in achtste en in sensasjonele earste plak yn de twa deiraces yn de Yngling-klasse stiet it team fan sylster Petronella de Jong op in twadde plak yn it klassemint.

De sylster út Sint Jabik wist de lêste dagen foar de Olympyske Spullen noch net oft se wol meidwaan koe om't se lêst hie fan har lykwichtsorgaan. De Jong (34) joech trije jier lyn har hûs en baan op om meidwaan te kinnen yn Atene. Se wennet no wer by har âlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)