De Jong: Cambuur stapt net fan fjild by 'oerwâlddlûden'

22 jan 2016 - 12:53
  • Henk de Jong yn petear mei Gert-Jan Segers fan de ChristenUnie

Cambuurtrainer Henk de Jong hellet syn spilers net fan it fjild as der snein by de útwedstryd tsjin ADO Den Haach saneamde 'oerwâldlûden' fan de tribunes komme. "Dan binne ek in soad oaren dy't der neat mei te meitsjen ha de dupe. Der kinne dêrom better oare sinjalen ôfjûn wurde en dat bart gelokkich ek al", seit de trainer.

De Jong sei dat freed yn in petear mei Gert-Jan Segers. Ald-Ljouwerter Segers is fraksjefoarstitter fan de ChristenUnie yn de Twadde Keamer en is freed op wurkbesite yn Fryslân.

Om't Gert-Jan Segers ek in grut Cambuur-fan is, wie in besite oan de training yn it programma opnaam. Yn in petear nei ôfrin pleite Segers foar 'zero tolerance' as it om rasisme en antysemitisme yn fuotbalstadions giet. Wat him oanbelanget wurdt in wedstryd fuortendaliks stillein as soks bart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)