De Jong bêste Fries yn Morizes

09 sep 2012 - 14:49

Motorkoereur Jannick de Jong fan De Gordyk is sneon sânde wurden by de fiifde wedstriid fan it WK Langbaan. Dêrmei wie er de bêste Fries. Yn it Frânske Morizes kaam Theo Pijper net fierder as it njoggende plak. Jeffrey Woortman einige as trettjinde.

Nije wike sneon stiet de lêste grandprix wedstriid op it programma yn it Dútske Vechta, wêrnei't it einklassemint opmakke wurde kin. De Finse regearjend wrâldkampioen Joonas Kylmäkorpi giet oan de lieding yn it tuskenklassemint, Pijper stiet twadde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)