De Jong: 40% kâns op promoasje

03 maaie 2013 - 12:56

De kâns dat Cambuur freedtejûn as kampioen weromkomt út Rotterdam is 40 persint. Dat is de ynskatting fan trainer Henk de Jong. Dat sil dan yn earste ynstânsje barre moatte sûnder topskoarder Michiel Hemmen, want dy begjint tsjin Excelsior op de bank.

It útgongspunt is eins hiel simpel. Cambuur moat winne by Excelsior en Volendam moat ferlieze fan Go Ahead Eagles. Tongersdei wie de lêste training foar de allesbeslissende wedstryd. Cambuur hat it net yn eigen hân, mar dochs sjocht De Jong kânsen foar de Ljouwerters.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)