De Jong 3e troch flater Sven

23 feb 2010 - 23:45

Reedrider Bob de Jong hat op de falreep noch in brûnzen plak binnenhelle op de 10 km. Topfavoryt Sven Kramer wie lange tiid op wei nei it earste plak, mar troch in foute wiksel waard de rider diskwalifiseard.

De titel gie nei de Koreaan Seung-Hoon Lee, sulver wie der foar de Rus Ivan Skobrev. De teloarstelling by Sven Kramer wie tige grut. Mei in lulk gebaar smiet de reedrider nei de race syn bril fuort.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)