De Jong 3e op WK nei dei ien

22 feb 2013 - 15:45

Antoinette de Jong stiet nei de earste dei fan it WK junioaren allround yn Collalbo op it tredde plak. Yn Italië waard se fjirde op de 500 meter yn 40.75 en tredde op de 1500 meter yn 2.02.80. De Japanse Miho Takagi wûn beide ôfstannen: 39.88 en 2.01.56. Takagi, ferline wike noch tsiende op it WK senioaren, hat in romme foarsprong. Twadde stiet de Switserse Kaitlyn McGregor. De Jong is net hielendal fit. Se hat lêst fan de kiel. Boppedat moast se de 1500 allinne ride, omdat Kate Hanly fan Kanada har ôfmeld hie.

It tredde plak op de 1500 meter fan Antoinette de Jong betsjut ek de brûnzen medalje op it WK per ôfstân. Der dogge krapoan 60 junioaren mei by de froulju, 26 fan har ride it allround toernoai. Reina Anema stiet nei de earste dei op it achtste plak. Se waard 14e op de 500 meter yn 42.16 en sânde op de 1500 meter yn 2.05.64

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)