De jeugd mei graach fiskje

14 aug 2009 - 16:30

Fiskjen wint hieltiid mear oan populêrens ûnder jongerein. It fiskersbûn sjocht op guon plakken in ferdûbeling fan it tal jeugdleden.

Reden foar de groei is in lespakket op skoallen mei oan 'e ein in fiskersdei. Ek kin jeugd oant 14 jier fergees in fiskerpas helje. Ek by de senioaren groeit it tal leden. It fiskersbûn hie mei de ynfiering fan de fiskerspas fan twa jier lyn wol in groei ferwachte, mar hie net ferwachte dat de groei sa grut wêze soe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)