De Jager wol fuort by Aris

16 feb 2008 - 22:41

Basketballer Stephan de Jager fan Ljouwert spilet sa goed as wis nei dit seizoen net mear foar Aris Friesland. De Jager is teloarsteld yn de nije trainer Tony van den Bosch. Hy spilet net in soad. Yn Den Helder woe de trainer him trije sekonde foar tiid ynbringe, mar dêr hie De Jager gjin nocht oan.

Van den Bosch hat útsprutsen folgjend jier by Aris troch te wollen. Hy giet ynkoarten om tafel mei de direksje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)