De IFKS wegeret Nynke wer

02 mrt 2009 - 16:09
  • It skip Nynke: net wolkom by de IFKS

Skipper Karel Kuiper is foar de tredde kear wegere troch de IFKS mei syn skip de Nynke. Eardere wegerings soargen foar in soad reboelje en diskusje oer de fraach of de Nynke wol in skûtsje is. Der kaam sels in rjochtsaak fan.

Neffens in brief fan de kommisje generaal fan de IFKS heart Kuiper lid te wêzen fan in wettersportferiening om meidwaan te kinnen en dat is hy net. Boppedat soe de Nynke net in goedkard skûtsje wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)