De Hoop: stranger tafersjoch

18 okt 2010 - 11:02
  • Boargemaster De Hoop fan It Amelân

It tafersjoch op it ferfier fan konteners op see moat folle stranger. It wurdt tiid dat de ynspeksje ferkear en wettersteat echt úteinset mei hanthavenjen en net mear tastiet dat konteners los op it dek steane.

Dat seit boargemaster De Hoop fan It Amelân nei oanlieding fan in rapport fan dyselde ynspeksje. De Hoop freget al jierren omtinken foar it probleem. De ynspeksje konkludearret dat de helte fan 'e konteners op skippen net goed fêst sit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)