De Hoeve is Kultureel Haaddoarp 2018

10 feb 2015 - 17:03
  • De Hoeve

De 400 ynwenners fan De Hoeve hawwe har doarp nei foaren skood as Kultureel Haaddoarp 2018. Sa wolle se de kommende jierren meilifte mei Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018. Woansdei biedt De Hoeve har eigen bidboek oan yn Ljouwert.

Om de rest fan Fryslân, Nederlân en de wrâld sjen te litten wat De Hoeve allegear te bieden hat, binne de bern fan basisskoalle De Klaeter drok dwaande mei keunst en teater. Kultuer nei De Hoeve helje, dat is it wichtichste doel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)