'De Hobbit' yn Frysk oerset

07 okt 2009 - 14:51
  • Anne Tjerk Popkema lêst foar

Der is in Fryske oersetting fan it boek 'De Hobbit' fan skriuwer Tolkien. It is woansdei yn Ljouwert presintearre.

De Fryske ferzy is skreaun troch Anne Tjerk Popkema, dy't fan Burgum komt. De Hobbit kaam yn de jierren tritich fan de foarige ieu út en is de prolooch op 'In de Ban van de Ring'. De presintaasje wie yn de nije berneboekhannel De Toverlantaarn. Ein 2011 komt it boek as filmtwalûk yn de bioskoop.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)