De Hel lûkt soad besikers

28 des 2009 - 13:59
  • De Hel fan '63 docht it goed yn 'e krystfakânsje

No't de snie fuort is, giet it goed mei de besikersoantallen fan de film De Hel van '63 fan regisseur Steven de Jong. Sûnt de premjêre op 13 desimber hawwe al mear as 100.000 besikers de film sjoen.

De Hel stiet op it fjirde plak yn de lannelike besikers-top 20. Twa bernefilms en de science fictionfilm Avatar dogge it noch better. Yn Fryslân is De Hel van '63 wol de meast populêre film.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)