De Haule krijt primeur mei carpoolservice fan Samobiel

15 apr 2016 - 17:10

Op De Haule wurdt takom moanne in nije foarm fan ferfier ynfierd, wêrby't de bewenners elkoar ferfiere tsjin in lytse fergoeding. It giet om in inisjatyf fan it bedriuw Samobiel. Op ynternet wurdt in soarte fan betelle carpoolservice opset.

De Haule is it earste doarp yn Nederlân dêr't Samobiel de service opset. Yn Sweden wurdt it systeem al wol brûkt. En mei sukses. Samobiel is bedoeld foar lytse doarpen op it plattelân dêr't kwalik iepenbier ferfier is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)