De Haule: DNA komt net oerien

14 nov 2003 - 00:00

It DNA fan de fertochte (36) fan de moard op kroechbaas Fokko Werkman fan De Haule is net itselde as dat wat op it wapen en de klean fan Werkman oantroffen is. Dat docht bliken út it DNA-ûndersyk. De fertochte, in man fan 36 jier út Haulerwyk, hat altyd ûntkend wat mei de moard te krijen te hawwen. Hy sit noch hieltyd fêst.

It iepenbier ministearje woe gjin reaksje jaan op de útkomst fan it DNA-ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)