De Harmonie wol klima

08 jul 2006 - 11:20

Skouboarch De Harmonie yn Ljouwert krijt mooglik klimaatbehearsking. Sa'n systeem waard by de bou noch fuortbesunige. Mar de problemen yn benammen de foyer binne sa grut dat de gemeente ree liket om der wat oan te dwaan.

Neffens direkteur Oostvogel is it faak benaud yn 'e foyer en yn 'e sealen. Guon minsken bliuwe der sels om wei. De kosten fan de klimaatbehearsking wurde rûsd op seis ton.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)