De Haan wint kritearium Snits

12 aug 2012 - 18:03

Hurdfytser Sierk Jan de Haan hat sneon it kritearium fan Snits op syn namme skreaun. De Dokkumer kaam nei 65 rûntsjes troch de Snitser binnenstêd as earste oer de streek op de Marktstrjitte. It twadde plak wie foar Rudy Vriend út Schagen, tredde waard Martijn Lust fan Schoorl. Arjan Stroetinga fan Waskemar einige krekt neist it podium.

In wike lyn wie Sierk Jan de Haan ek al de bêste yn Appelskea.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)