De Haan: Makaay mei nei Sina

21 apr 2008 - 08:59
  • Foppe de Haan sil oanfaller Roy Makaay meinimme nei Sina

Bûnscoach Foppe de Haan sil oanfaller Roy Makaay fan Feyenoord meinimme nei it Olympysk fuotbaltoernoai yn Sina. Dat hat De Haan sneintejûn bekend makke. De Haan kin Makaay menimme, omdat Feyenoord net meidocht oan de foarronde fan de Champions League.

De Haan hie mei de KNVB ôfpraat dat hy allinnich dispinsaasjespilers meinimt dy't net útkomme yn de foarronde fan de Champions League. De Haan wit noch net watfoar âldere fuotballers hy noch mear meinimme sil nei Sina.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)