De Haan krijt help fan Winter

26 maaie 2004 - 00:00

Foppe de Haan krijt âld-ynternasjonal Aron Winter as assistint by it nasjonale team fan spilers oant 21 jier. Winter moat de âld-trainer fan Hearrenfean helpe by it WK fan spilers oant 21 jier, dat takom jier yn ús lân hâlden wurdt.

Aron Winter hat 84 kear foar it Nederlânsk alvetal spile. It assistintskip by Jong Oranje is foar him in staazje by de kursus Betelle Fuotbal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)