De Haan jout les oan Tibetanen

14 apr 2008 - 21:25
  • De Haan jout training oan Tibetanen

It Tibetaanske fuotbalalvetal komt nije wike nei It Hearrenfean foar in training ûnder lieding fan Foppe de Haan. It nasjonale team fan Tibet bestiet út flechtelingen dy't yn Noard India libje.

Mei help fan de Tibet Support Group komme se nei Europa foar fuotballessen fan gasttrainers, wedstriden en om de sitewaazje yn harren heitelân ûnder de oandacht te bringen. Bûnscoach Dhondup is tige wiis mei de help fan De Haan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)