De Haan foarsitter Miljeufed.

27 nov 2009 - 11:56

Pieter de Haan fan Gersleat is de nije foarsitter fan 'e Fryske Miljeufederaasje. Hy folget Hetty Hafkamp op dy't yn 2008 boargemaster fan Bergen wurden is. Yn de tuskentiid wie Bert Folbert ynterim-foarsitter.

De Haan is âld-direkteur fan de Raad voor de Kinderbescherming yn it Noarden. Hy wurket no by it Shared Space Institute yn Drachten. De Fryske Miljeufederaasje is in koepelorganisaasje op it mêd fan natuer, miljeu en duorsumens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)