De Haan: ferstannige stap

21 jun 2013 - 18:11
  • Foppe de Haan

Foppe de Haan is bliid dat foarsitter Robert Veenstra fan SC Hearrenfean opstapt. De wjerstân tsjin Veenstra yn de measte geledingen fan de klup wie sa grut, dat Veenstra wol opstappe moast, seit De Haan. De âld-trener spruts him pas it ôfrûne wykein út oer it funksjonearjen fan Veenstra, omdat hy noch in funksje by de klup hie.

De Haan hopet no dat troch it opstappen fan Veenstra de fuotbalklup wer yn rêstiger farwetter komt. De ôfrûne tiid wie der oanhâldende ûnrêst neidat supporters en ek guon sponsors it betrouwen yn Veenstra opseine.

Earefoarsitter Riemer van der Velde woe freed net reagearje op it opstappen fan Robert Veenstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)