De Haan 9de yn 'Lus van Roden'

10 jul 2004 - 09:57

Sierk-Jan de Haan fan Dokkum wie freed de bêste Fries yn de 'Lus fan Roden'. Hy waard njoggende yn it grutste kritearium fan Noard-Nederlân oer 100 kilometer. Jens Mouris fan Ouderkerk aan de Amstel wûn de striid. Hy koe yn it lêst krekt op 'e tiid útnaaide út de kopgroep fan tsien man. Jeroen Straathof waard twadde.

Lambertus Koopmans fan Boalsert waard fyftjinde, âld-Burgumer Johan Procee waard 19de.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)