De Groot wint yn Kimswert

21 aug 2011 - 17:52
  • Piersma, Hiemstra en De Groot (foto: Martin de Jong)

It partoer fan Jan Dirk de Groot, Renze Pieter Hiemstra en Pier Piersma hat snein de Jan Timmerpartij yn Kimswert wûn. Yn de finale wiene se Jelte-Pieter Dijkstra, Herman Sprik en Folkert van der Wei de baas. Op de stân fan 5-1 en 6-0 sloech Folkert van der Wei de bal kwea út.

PC-winners Van der Bos, Triemstra en Iseger ferlearen yn de earste omloop fan Martijn Olijnsma c.s. Pieter van Althuis, Jacob en Hans Wassenaar pakten yn Kimswert de lytse preemje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)