De Groot wint NK fierljeppen

28 aug 2010 - 17:14
  • Jaco de Groot dwaande mei de winnende sprong

Jaco de Groot út it Utrechtse Kamerik is sneon Nederlânsk kampioen wurden by it fierljeppen. Mei syn sprong fan 19 meter 80 wie hy de fierste. Frysk kampioen Bart Helmholt waard twadde. Hiske Galema waard kampioen by de froulju, Nard Brandsma by de junioaren en Age Hulder by de jonges.

De Groot helle yn Bûtenpost noch in bysûndere priis binnen. Hy frege by de priisútrikking oan syn freondinne Liesbeth de With oft sy mei him trouwe woe. Liesbeth sei ja.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)