De Groot wint bizarre finale

13 jul 2014 - 17:55
  • It winnende partoer mei de krânsen yn Boalsert
  • De finalepartoeren yn Boalsert
  • Jan Dirk de Groot, Dylan Drent en Hans Wassenaar

De frije formaasjepartij yn Boalsert is snein in proai wurden foar Jan Dirk de Groot, Dylan Drent en Hans Wassenaar. Yn in bizarre finale wie it trijetal úteinlik mei 5-4 en 6-4 te sterk foar Gert-Anne van der Bos, Jacob Wassenaar en Daniël Iseger.

De lytse preemje gong nei it partoer fan Haije Jan Nicolay, René Anema en Jan Schurer, dy't yn de heale finale ferlearen fan De Groot-en-dy. Hans Wassenaar waard yn Boalsert útroppen ta kening.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)