De Groot stapt op as skipper

24 des 2007 - 17:25
  • Meindert de Groot en it skûtsje fan Starum

Meindert de Groot hâldt op as skipper fan it skûtsje de Súdwesthoeke. Dat hat er fan 't maityd al besluten. Hy fynt dat it tiid wurdt foar in oare skipper. It bestjoer siket in opfolger.

De Groot wie skipper sûnt 1981. Doe die Starum noch mei in lytser skûtsje mei oan de wedstriden fan de SKS. Mei elkoar hat De Groot seis kear in wedstriid wûn. Yn 1986 fierde er it klassemint oan, mar lang om let waard er fjirde dat jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)