De Groot krijt fee werom

07 mrt 2014 - 12:11
  • Thom de Groot

Bio-boer Thom de Groot fan Goattum ferwachtet nije wike moandei syn fee werom te krijen. De Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit hat tongersdei de stâl fan de feehâlder goedkard en der is tastimming ferliend om it fee werom nei Fryslân te bringen. Begjin febrewaris waarden achttjin bisten fan De Groot yn beslach naam. It transport en de fersoarging fan de yn beslach nommen bisten moat De Groot sels betelje. Mei help fan in aksje op ynternet is it slagge om de rekken fan tolve tûzen euro te beteljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)