De Groot hat syn fee werom

11 mrt 2014 - 11:04
  • Thom de Groot hat syn fee werom.

It earste fee fan biologysk boer Thom de Groot fan Goattum is tiisdeitemoarn weromkommen op de pleats. It fee waard heal febrewaris yn beslach naam, omdat de Nederlandse Voedsel en Warenautoriteit fûn dat it net goed fersoarge waard. Yntusken is de sitewaasje ferbettere en koe it fee werom.

De Groot moast wol de 12.500 euro betelje, dy't rekkene wurdt foar de opfang fan it fee. De Groot is tsjin dat bedrach yn berop gien, omdat by in herkontrôle bliken die dat it fee wol sûn wie. Mooglik dat er dat jild letter weromkrijt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)