De Groot hat alle kij wer thús

21 apr 2014 - 17:46
  • Thom de Groot hat syn fee werom.

Boer Thom de Groot fan Goattum hat sûnt dit wykein al syn kij werom. Ofrûne freed kaam de lêste ko mei in kealtsje wer thús op de pleats. Begjin febrewaris waarden achttjin bisten by De Groot yn beslach naam troch de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit, omdat se net goed fersoarge wurde soene. It koste De Groot 12.500 euro om syn kij werom te krijen. Dat jild wol er graach werom hawwe en de striid dêroer giet noch troch. Mar op de pleats is alles wer as fanâlds.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)