De Groot c.s. winne Kimswert

16 aug 2009 - 20:34
  • It winnende partoer fan Kimswert yn 'e krânsen (foto: Henk Bootsma)

De frije formaasje keatspartij foar manlju haadklassers yn Kimswert is snein wûn troch it partoer Jan_Dirk_de_Groot, Hylke_Bruinsma en Douwe_Groenendijk.

De finale tsjin Jochum_Bouma, Karel_Nijman en Pier_Piersma like iensidich te ferrinnen, mar it partoer Bouma kaam nei in 4-1 efterstân goed werom. Uteinlik waard de partij op 5-4 en 6-6 beslikke yn it foardiel fan partoer De_Groot. Op dy stân miste Jochum_Bouma it perk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)