De Groot al 1400 km ûnderweis

14 jul 2011 - 10:05

Ultrarinster Jenni de Groot út Ljouwert is op dit stuit goed op dreef yn de meunstertocht fan Los Angeles nei New York. Yn rom trije wike tiid hat se al sa'n 1400 km hurdrûn.

Yn it begjin moast De Groot in pear etappes sjitte litte yn ferbân mei de ekstreme waarmte. Dat betsjut wol dat De Groot net mear meidocht foar it klassemint. De tocht giet totaal oer 70 etappes fan tusken de 45 en 95 kilometer. Yn totaal hat de tocht in ôfstân fan rom 5000 kilometer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)