De Graafschap klaget oer arbitraazje yn degradaasjekreaker

27 nov 2015 - 13:38
  • Assistint Mario Diks

Fuotbalklup De Graafschap is net bliid mei de assistinten fan skiedsrjochter Danny Makkelie foar de wedstriid freedtejûn tsjin Cambuur. Neffens de Graafschap hawwe de twa assistinten in Fryske eftergrûn. Mario Diks komt út Ljouwert en Hessel Steegstra wennet yn Snits. De Graafschap hat by fuotbalbûn KNVB in klacht yntsjinne.

Dy helle tongersdei skiedsrjochter Eric Braamhaar fan de wedstriid, om't dy ferline wike in lêzing joech yn it stadion fan De Graafschap. Foar beide ploegen stiet in soad op it spul: se wûnen beide noch gjin wedstriid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)