De Gordyk: prate oer parkeare

25 des 2009 - 14:11
  • It merkterrein op 'e Gordyk (foto: D. de Jong)

Ynwenners fan 'e Gordyk kinne yn it nije jier meiprate oer it parkearbelied yn it sintrum fan it doarp. De gemeente hâldt in diskusjegearkomste yn de Skâns. Neffens de gemeente is it hieltyd dreger om in parkearplak te finen.

Mooglik moat der in ekstra blauwe sône komme, of wurde der parkearfergunnings ynfierd. De útkomsten fan 'e diskusje wurde brûkt om de nije parkearnota foar it sintrum te skriuwen. De diskusjegearkomst is op 14 jannewaris.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)