De Gordyk krijt bioskoop

10 jan 2011 - 20:22
  • Bioskoop fan De Gordyk

Minsken fan De Gordyk en omkriten hoege yn de takomst net mear nei de stêd om in film yn de bioskoop te sjen. Fan 19 jannewaris ôf hat it doarp in eigen filmhûs. De bioskoop is in inisjatyf fan Saapke Osinga, Elsbeth Rispens en Marike van Wieren. It is de bedoeling dat der sawol grutte, populêre as saneamde arthousefilms fertoand wurde. Der kinne maksimaal 25 man yn de seal. De earste print dy't op de rol stiet is de arthousefilm Desert Flower.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)