De Gastronoom giet ticht

16 maaie 2011 - 12:19
  • Marco Poldervaart hat ferskate prizen wûn (foto: Omrop Fryslân)

Restaurant De Gastronoom yn Harns giet ticht. Masterkok Marco Poldervaart hat te min romte om dêr syn ambysjes te realisearjen. Poldervaart hie plannen om in restaurant te begjinnen yn it byldbepalende gebou It Havenmantsje. De gemeenteried fan Harns sette lykwols in streek troch dy plannen.

Poldervaart syn âlde restaurant oan de Foarstrjitte is ûnderwilens ferkocht. Syn twadde restaurant yn Harns, Fish 'n Disch, bliuwt wol iepen. Poldervaart komt noch mei nije plannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)