De Fûgelhelling yn Oerterp fangt fiif jonge iikhoarntsjes op

30 mrt 2016 - 15:27
  • De jonge iikhoarntsjes krije geitemolke

De Fûgelhelling yn Oerterp wouteret op dit stuit fiif jonge iikhoarntsjes op. De trije jongsten binne noch mar in wike âld. Ofrûne wykein binne se brocht. Se komme út Wateren, dêr't it nêst fersteurd waard by it omseagjen fan de beam.

De iikhoarntsjes krije fjouwer kear deis geitemolke. Neffens Marjan Hylkema fan De Fûgelhelling is dat de bêste molkesoart foar de bistjes. Doel is dat de jonge iikhoarntsjes sa gau mooglik wer útset wurde yn de natuer. Dat bart dan op de plakken dêr't se ek fûn binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)