DE: Fryske TV-spot mei Doutzen

23 des 2010 - 15:09

Topmodel Doutzen Kroes fan Eastermar is it nije gesicht fan Douwe Egberts. It bekende kofjemerk hat al in Frysktalich spotsje meitsje litten, mei Doutzen Kroes en har 'beppe' yn de haadrol. Yn it filmke, sabeare makke yn 2003, giet it krantefamke Doutzen op besite by har beppe.

It filmke is fan 24 desimber ôf in moanne lang op tv te sjen, mar wie tongersdei al útlekt op ynternet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)